• Moaie winst foar Timen, Auke en Kristia op Pree-PC-partij

    zondag 28 juli 2019
    Net dat der in protte oer de PC praten waard op dizze sneintemiddei. Nee, der waard keatst troch leden fan De Lege Geaen en De Lytse Stuit, no ja, mear leden fan DLG as fan DLS (21 om 3), mar der is om raken spile troch de 8 A-B-C-partoeren. Moai wie wol wer dat 2 fan de 3 Skearnegoutumers yn ‘e prizen sieten! En fan de DLG’ers 10 fan de 21! 

     Gerrit.JPG
    Drokke, drokke Gerrit
    Wat hat der it drok op ‘t heden, ús Gerrit van der Leeuw, in itentsje hjir, in ôfspraakje dêr, lotsje foar de partij fan hjoed, prizen regelje, ja alle oeren fan de lêste pear dagen wienen beset en sa kaam it dat fannemiddei yn de kantine der mar 6 partoeren op de kreas typte list stienen. Gelokkich hie Sjoukje Dotinga in foto makke fan de skreaune list en sa kaam alles noch goed!
    Goed, it waar wie lekker waarm, mar sa waarm net as de foargeande seis dagen. Gelokkich mar en letter op ‘e middei kamen der út en troch wat wolken foar de sinne. Dat skeelde wer in jas!

    Hoe kamen de fjouwer finalepartoeren yn ‘e finales?
    Ja, fjouwer fan de acht partoeren soenen in priis krije, 50% dus en wêr fynt men dat tsjintwurdich?  Nei ien partij, wûn of ferlern, siet men dus by de lêste fjouwer. 

    Spannende ferliezersfinale
    De finalisten fan de ferliezersrûnte wienen Joop Hoekstra (DLS), Thomas Dijkstra en Marten Molenmaker en it partoer Wybren Jorritsma, Harm van Gelderen en Sjoukje Dotinga.
    Hoekstra c.s. hienen kânsleas ferlern fan Jan de Groot, Jan Dotinga en Siebrigje Nynke Boschma, 5-1 6-2. En dêrnei wûnen Hoekstra c.s. yn de heale finale yn in drege pot fan Jacob Dotinga, Maaike Faber en Oeds Broersma.
    De oare finalisten, Jorritsma c.s., hienen yn de earste omloop winne kind fan Klaas Jan Oosterbaan (DLS), Jan Feenstra en Marrit Oosterbaan, mar hja ferlearen dochs, op 5-4 6-6.  
    De einstriid wie spannend, de earsten golven hinne-en-wer, fan 1-0, 1-1, 2-1, 2-2, 3-2, 3-3, 3-4, 4-4, 4-5. En op 4-5 6-6 kamen Hoekstra c.s. wer op gelikense hichte. Op 5-5 4-4 wienen der twa keatsen te ferdedigjen troch Hoekstra c.s., in grouwenien en in skytkeats. De mannen tochten doe in masterset út troch fan opslach te wikseljen. Marten Molenmaker soe de grouwe keats opslaan en Joop Hoekstra de skytkeats. No, dy missy slagge foar 100%! En sa wie de partij dien.

    Superspannende finale by de winners
    Jan de Groot, Jan Dotinga en Siebrigje Nynke Boschma hienen yn de earste omloop op 5-1 6-2 wûn fan Joop Hoekstra c.s. Yn de twadde partij namen se it op tsjin Jouke Dotinga, Aaltsje Kroes en Anneke de Groot. Ja, de keatsten hjoed nochal wat famyljeleden mei of tsjin elkoar. Dotinga c.s. dienen wat se koenen, mar op 5-3 6-6 wie it oer foar harren.
    Timen van Gelderen, Auke Koopmans (DLS) en Kristia Dotinga keatsten de beide partijen oan ‘e finale ta sterk. Earst waarden Johan Cnossen, Albertsym Fekken en Etta Dotinga op 5-3 6-2 ferslein.
     Yn de heale finale waarden Klaas Jan Oosterbaan, Jan Feenstra en Marrit Oosterbaan ferslein op 5-3 6-0. Se hienen de opstelling binnen it partoer krekt even te let feroare. 

    Fan Albertsym moatte wy dizze histoaryske anekdoate noch kwyt
    Albertsym wie troch Jouke Dotinga oerhelle om hjoed te keatsen. Mar Appie tocht dat de wedstriid yn Itens wie. Dus hy gie op de fyts rjochting Gau, nei huize Jouke, wylst hy ferskate keatsers en keatsters tsjinkaam, en dy’t tochten fansels: ‘Wêr giet Appie hinne?’   Yn Gau die bliken dat de partij net yn Itens wie, mar yn Goaiïngea. Dus moast hy werom, rjochting Goaiïngea en sa kaam alles noch goed, mar gjin priis. 

    De finale dus en watfoar ien!
    Van Gelderen c.s. namen in 4-1 foarsprong troch sterk spul. Mar der kaam in kentering en slûpendewei kamen Jan de Groot c.s. earst nei earst tichterby, ek holpen troch flaters fan de tsjinstanners. En sa waard it 4 earsten gelyk. De folgenje earst wie wol er foar Timen en syn maten, mar noch wie it net dien. It waard 5-5, mei Kristia oan de opslach. Bûtenslaggen, sitballen en kwea-opslaggen fan Kristia en Timen wikselen elkoar op en sa koe der wiksele wurde fan plak op 5-5 6-4 mei in keats. De prima opslach fan Siebrigje Nynke soarge derfoar dat Jan de Groot foar de keats weromslaan koe en alles wie oan ‘e hang. Ja en doe, moast Siebrigje Nynke wer opslaan. Gjin probleem soe men sizze. Mar ach, de oars sa wisse keatster út Offenwier mist jammerlik it perk.    
    Nei noch in noflike neisit fan in oerke rikte Gerrit van der Leeuw mei de nedige assistintes en assistinten de prizen ít. Dat wienen pakketten fan de Zuivelhoeve út Snits. En sa kaam der in ein oan dizze sneintemiddei en it waard suver ek noch noflik waar!

    De útslaggen op in rychje
    1. Timen van Gelderen - Auke Koopmans - Kristia Dotinga
    2. Jan de Groot - Jan Dotinga - Siebrigje Nynke Boschma

     1e.JPG
    2e.JPGFerliezersrûnte
    1. Joop Hoekstra - Thomas Dijkstra - Marten Molenmaker
    2. Wybren Jorritsma - Harm van Gelderen - Sjoukje Dotinga
    Ferl 1.JPG
    Ferl 2.JPG

  • Nieuws

    Sponsors in het zonnetje op zaterdag 24 augustus  

    vrijdag 16 augustus 2019
    Sinds een paar maanden is de nieuwe...
    Lees meer...

    KNKB 30+ snein 4 augustus ôfblaasd!

    donderdag 1 augustus 2019
    Der stienen 11 manlju op 'e list en dêr hie de...
    Lees meer...

    Moaie winst foar Timen, Auke en Kristia op Pree-PC-partij

    zondag 28 juli 2019
    Net dat der in protte oer de PC praten waard op...
    Lees meer...