• Michel Nesse wint Piternútmuorrekeatsen

    zondag 2 december 2018
    17 dielnimmers stienen om 13.00 oere klear op snein 2 desimber yn sporthal 't Mingeltsje yn Sibrandabuorren. Wedstriidkommissaris Nolke Bergstra hie de groep opdield yn 2 klassen, A en B. In pear fan de dielnimmers mochten út en troch eefkes yn de oare klasse meidwaan. 
     IMG_4427.JPG

    Nei 6 spile partijen wie de 1e priis foar 'hast-alleskinner' Michel Nesse. Hy bleau Fokje Jil Bakker in hierlingte foar. Dêr wer in
     IMG_4446.JPG
    hierlingte achter kaam Age van der Goot. Alle trije hienen se 5 partijen wûn. Doe foel der in gatsje nei de 4e priis en dy wie foar Arjen Radix: de best of the rest, sis mar.

    It is altyd sa dat de foarm fan de dei bepalend is foar hoe't jo spylje. En fansels watfoar maten jo hawwe en wa't de tsjnstanners binne! Likegoed bliuwe der altyd ferrassings en dat is ek mar goed. Ferlieze is net slim, ja, jo kinne better moai ferlieze as in flutterich winne. Mar te faak ferlieze is ek wer net aardich. Oan 'e ein fan 'e middei sitte jo it leafst wol mei in posityf gefoel even nei. En hooplik wie dat mei de measten it gefal. Mei tank oan organisator Nolke Bergstra. It earstkommende toernoai is op snein 30 desimber!         

    Genôch filosofearre, dit is de totaalútslach.
     MK WB.jpg
     IMG_4447.JPG

     IMG_4425.JPG

     IMG_4423.JPG

     IMG_4435.JPG



       


  • Nieuws

    Prachtich pupillekeatsen yn Goaiïngea

    zondag 14 juli 2019
    Last-minutewedstriid...
    Lees meer...

    Michel Nesse prolongearret keningstitel op Oranjefeestpartij

    vrijdag 12 juli 2019
    En sa stienen Michel Nesse, Folkert...
    Lees meer...

    Teatswinst foar Sjoerd Hofstee, Antsje van der Goot en Siebrigje Nynke Boschma

    zondag 7 juli 2019
    It like der earst net op, mar úteinlik stienen...
    Lees meer...