• Michel Nesse en Siebrigje Nynke Boschma yn 'e krânsen yn Skearnegoutum

    zondag 29 juli 2018
    Dat barde op de jierlikse Pree-PC-partij, dy't dit jier yn Skearnegoutum plakfûn. En Skearnegoutum hie de primeur fan it feit dat dizze partij net mear op 2 jûnen ferkeatst wurdt, mar op 1 middei: op snein 29 july, 3 dagen foar de PC.

    Om dizze partij op ien dei te hâlden hat in wiis beslút west, kin men wol sizze! 
    It belangrykste wie dat de partij trochgean koe, en wol yn in A- en in B-klasse, mei respektyflik 4 en 5 partoeren. 
    Yn de A-klas wûnen
    A1.jpg
    oppermachtich Michel Nesse en Jos Peterson. Hja wûnen 3 partijen en kamen sa út op 21 punten.
    Op it 2e plak eingen Nolke Bergstra en Pieter Jan Atsma. Sy kamen út op 15 punten. Yn de lêste partij wûnen se op 5-3 6-2 fan Arjen Radix en Joop Hoekstra, dy't op 13 punten hellen en sa krekt bûten de prizen foelen. 

     De hikke waard sluten troch it Skearnegoutumer 3-tal Reindert Oosterbaan, Erik Zeilstra en Henk Jan Eekma mei 10 punten.

    De 5 B-partoeren spilen allegearre twa kear en
    B1.jpg
    dêrnei gie de finale tusken de twa bêste partoeren.
    B2.jpg

    Herco Spoelstra, Siebrigje Nynke Boschma en Auke Koopmans wûnen nei in spannende striid op 5-5 6-0 fan 








    Theo Miedema, Kristia Dotinga en Sjoerd Hofstee.  


    En de wikselbeker bliuwt wer foar in jier yn Goaiïngea, sa sei Theo Boorsma!  





  • Nieuws

    Michel Nesse net te pakken op Maitiid-slottoernoai muorrekeatsen

    zondag 17 maart 2019
    Nolke oan 'e kofje yn...
    Lees meer...

    Maitiid-slottoernoai Muorrekeatsen snein 17 maart

    zondag 17 februari 2019
    Lees meer...

    Aaltsje Kroes wint hiel moai Fjoerpylktoernoai

    zondag 30 december 2018
    Yn in fjild fan mar leafst 22 ...
    Lees meer...