• Jouke Dotinga liedt syn partoer nei de winst op Himmel & Skjin-Johannes Doumapartij

    zaterdag 12 september 2020
    De lêste partij fan dit, troch Covid 19 teistere, koarte seizoen is yn styl ôfsluten. Moarns 11 oere begong it foar jong en âld. En sawol jong as âld keatste mei de grutte bal!

    - Earst waard de kantine opnij iepene ( https://kfdlg.nl/nieuws-kantine-it-fintsjenei-18-jier-opnij-iepene-1142)
    - Lette op ‘e middei kaam der in snackwein (gratis hap foar elkenien) 
    - Tuskentroch skarrelen minsken fan Út Sneek om it fjild hinne. 
    - Op it parkearterrein koe jong en âld mei klaai artistyk dwaande wêze en dêr waard foaral troch de jongerein flink gebrûk fan makke.
    It waar wie prima, earst drige der noch wat, mar letter op ‘e dei fleure de sinne alles op! Der stienen 13 partoeren op 'e list.       

    Kompetysjeprizen
    Tusken de bedriuwen troch waarden de kompetysjeprizen útrikt en de Wall-Ball-winner fan it seizoen 2019-2020, Wiebe Bakker noch huldige. Dat wie der by bleaun fan ‘t maitiid. De iennichste noch net útrikte prizen binne de Repkobekers fan it seizoen 2019 (Siebrigje Nynke Boschma en Marten Molenmaker) en fan it seizoen 2020 (de winners hâlde wy noch even geheim). Mar dat komt noch.

    En dan de keatserij fan sneon 12 septimber
    Jo mochten net yn ien kear boppeslaan, dat wie dúdlik, mar nei in trik-trak mocht it wól. De earste omloop gong mei net al te folle spektakel foarby, al wienen der wol ‘flattearde útslaggen’ by! It moat sein wurde, Jouke Dotinga, Aaltsje Wesselius en gastlid-gruttebalspiler Jelle Kievit hienen it oan de finale ta net grutte hindernissen te oerwinnen. It rûn allegearre wol. Wol foel it ús op dat Jouke in tal kearden ‘swijnde’ trochdat de bal krekt goed foel, bygelyk krekt foar de boppe, mar as soks faker bart, moat it wol klasse fan de man wêze! Mar sûnder dyn maten hie Jouke it net kind, tink der goed om dat dy ek goed wêze moatte sa’n dei!

    De oare finalisten, Evert Sijbesma, gruttebalkeatser pur sang, Afke Marij van der Goot en Folkert Yde Kievit troffen yn ‘e heale finale Michel Nesse, Pieter Jan Scholtanus en Wytse Hospes. In pittige partij, dy’t se wûnen op 5-4 6-2. Yn de finale soe ‘t heve! Sijbesma c.s. namen in foarsprong, mar Jouke en syn maten kamen werom en sa waard it 4-4. In pracht partij mei in krusiaal momint op 4-4 6-6. In trik-trak mei hast ûntelbere kontaktmominten. Jouke dielde de lêste klap út troch de bal dan mar boppe te slaan. It ferset wie brutsen en op 5-4 6-2 moasten Evert, Afke Marij en Folkert Yde de hollen bûge.

    De finale yn ‘e ferliezersrûnte wie ek in fraaie partij. Sytze Jan de Vries, Maaike Faber en Jelmer Molenaar  waarden troch goed spul fertsjinne winner yn de partij tsjin Willem Twijnstra, Marije Jonker en Petra Feenstra, ek seker net in snotterich partoer.
    De prizen bestienen út lekkere fruit- en grientepakketen. En sa is it seizoen prachtich ôfsluten.
    Rondemissen.JPG

    1.    Jouke Dotinga, Aaltsje Wesselius en Jelle Kievit 
    2.    Evert Sijbesma, Afke Marij van der Goot en Folkert Yde Kievit 
    3.    Thomas Sijbesma, Rinke Kooistra en Germ Bergstra 
    3.    Michel Nesse, Pieter Jan Scholtanus en Wytse Hospes 



















































    1e.JPG
    2e.JPG
    3e a.JPG
    3e b.JPG


























































    Ferliezersrûnte
    1.    Sytze Jan de Vries, Maaike Faber en Jelmer Molenaar
    2.    Willem Twijnstra, Marije Jonker en Petra Fekken  
    1 ferl.JPG

































    2 ferl.JPG









  • Nieuws

    Zondag 4 oktober en dinsdag 6 oktober start het muurkaatsen; meld je aan bij Nolke en Aaltsje

    zaterdag 26 september 2020
    Mits er geen aanvullende...
    Lees meer...

    Sinne, wyn en ferbrând fel en sfearfol haadklassekeatsen yn Goaiïngea

    maandag 21 september 2020
    En doe hienen wy ynienen...
    Lees meer...

    Kantine it Fintsje nei 18 jier opnij iepene!

    zaterdag 12 september 2020
    Jouke Dotinga hold op sneon 12...
    Lees meer...