• Gesellige en waarme Himmel&Skjin-Johannes Doumapartij mei moaie finale

    zaterdag 24 augustus 2019


    Knikkert op 'e kant
    It wie in knikkert op ‘e kant, mei oare wurden, it skeelde neat as dizze romrofte ledepartij hie net trochgien. Mar by einsluten hie de organisaasje dochs noch 6 partoeren op ‘e list krigen. Dat hie nammenste spitich west, omdat de nije sponsorkommisje alle sponsers fan ús club útnûge hie om útlis te jaan oer it nije sponsoringsplan. En dat koe dus ek trochgean!
             
    De 'kanonnen' binne der net by
    En sa koenen der trije omlopen keatst wurde, mei fêste partoeren! De  ‘grutte kanonnen’ hienen har opjûn foar de – ferpleatste – Joostemapartij yn Turns. Wy neame in Jouke Dotinga, Arjen Radix, Nolke Bergstra en – ek net snotterich – Albertsym Fekken. En sa bleau it lytsere geskut oer yn Goaiïngea. En wa’t dat wienen, dat kinne jim opmeitsje út it ferfolch.

    Om 15.00 oere begong de partij mei de earste omloop
    En it wie waarm. It jongste ‘kanon’, Johan Cnossen, keatste mei Maaike Faber en Sjoukje Dotinga en sy ferlearen fan it bêste kanon fan dizze middei, Jande Groot, dy’t Marten Molenmaker en Etta Dotinga as maten hie, 5-3 6-0. De twadde partij wûnen De Groot c.s. hast mei deselde sifers fan Sietse Leenstra, Willem Twijnstra en Patricio Venekamp, 5-3 6-2. Foar Patricio wie it – as ‘herintreder - de earste ledepartij yn jierren.

    Aaltsje Kroes wie ien fan de froulike kanonnen, as dat teminsten net in ûnearbiedige oantsjutting is. Mei har maten Marcel de Groot, kanon-yn-oplieding, en Marrit Oosterbaan foarmen se in hechte formaasje, dy’t yn de earste partij Jacob Dotinga, Eite Stienstra en Antsje Kievit fersloech op 5-4 6-6. De twadde partij gie tsjin de sussen Iris Jonker en Marije Jonker, dy’t sponsor Johannes Douma by harren hienen. It waard in dúdlike oerwinning op 5-2 6-4 foar Aaltsje Kroes c.s.

    Dêrmei wienen der nei twa omlopen twa partoeren mei de folle winst. En lit dy twa partoeren no tsjin elkoar moatte yn de lêste omloop. Dêrnei wie it sa ‘lotte’ dat de nûmers 1en 2 nei twa omlopen tsjin elkoar moasten, de nûmers 3 en 4 en de nûmers 5 en 6. Sis mar, gewoan neffens in ordinêre ranking, mar wol goed betocht! De 1e-priiswinner soe fansels komme út de beide heechte partoeren yn punten, mar mei de 2e en 3e priis koe noch fan alles barre.
             
    Lekkere waarme hap
    Mar safier wie it noch net, want elk koe earst oanskowe foar it waarme miel, oanbean troch de beide sponsors Willem Twijnstra en Johannes Douma: wraps mei shoarma en hamburgers fan de briedpanne en as neigesetsje iis mei fruchten. En dan moatte jo dêrnei ek ek noch in partij keatse.......

    In echte finale
    En in waard in prachtige partij tusken Jan de Groot, Marten Molenmaker en Etta Dotinga en it partoer fan de sterk keatsende Aaltsje Kroes mei har maten Marcel de Groot en Marrit Oosterbaan. It waard wol in bytsje de partij tusken heit en soan Jan en Marcel, mei grutte (?) loyaliteitsproblemen foar frou/mem Anneke de Groot. Marcel sloech foarbêst op, Aaltsje stie achteryn en sloech foarminst op en Marrit stie foaryn. By it partoer De Groot wienen de funksjes sa ferdield: Etta sloech foarbêst op, Jan stie achteryn en sloech foarminst op en Marten stie foaryn.

    De earste trije earsten gienen flot nei Aaltsje Kroes c.s. Mar, jo sjogge it faak, it tij kin samar keare. Jan de Groot c.s. pakten it belangrike fjirde earst, mar dêrnei wie it Marcel dy’t op 6-2 foar geweldich opsloech, acheryn by heit Jan: 4-1.

    Ja, en hoe giet it dan. Stadichoan, earst foar ears krûpe Jan en syn maten tichterby. De belangrike slach op 4-3 6-6 is foar Jan net dreech: fakkundich en sûnder meileien slacht hy de lytse keats foarby: 4-4. It folgjende earst giet, nei hiel wat aparte mominten op 6-2 nei Aaltsje Kroes c.s. Jan kin de opslachbal (foar of net foar?) net goed ferwurkje en de keats is net foarby: 5-4. En it wurdt 5-5 nei trije sitballen en in bûtenslach op 6-2 nei Jan de Groot c.s.

    En dan wurdt de druk heech op it partoer Aaltsje, Marcel en Marrit, mar dat is fansels de fertsjnste fan Jan en syn maten. Yn in sucht stiet it 6-2 en op dy stân slacht Jan de troch Marrit sleine keats foarby.

    De bêsten fan de rest waarden Sietse Leenstra, Willem Twijnstra en Patricio Venekamp troch in 5-2 6-6 oerwinning op Johan Cnossen, Maaike Faber en Sjoukje Dotinga; 17 punten wie it resultaat en dochs noch in sponsor mei in pryske.

    De útslach:
    1. Jan de Groot, Marten Molenmaker en Etta Dotinga  
    2. Aaltsje Kroes, Marcel de Groot en Marrit Oosterbaan    
    3. Sietse Leenstra, Willem Twijnstra en Sjoukje Dotinga   


    Foto's: Aaltsje Kroes; basis foar dit ferslach: ynformaasje fan Gerrit van der Leeuw 

          

     1b.JPG


     2.JPG


     3.JPG




           



  • Nieuws

    Zondag 6 oktober start Muurkaatscompetitie 

    vrijdag 13 september 2019
    Lees meer...

    En ek in prachtige nachtlike ôfsluting foar de grutten

    zondag 8 september 2019
    De jongerein komt deroan! Wy...
    Lees meer...

    Prachtich keatsen yn it tsjuster foar de jeugd

    zaterdag 7 september 2019
    Sneon 7 septimber. Ja, foar dyjngen fan de...
    Lees meer...