• BERN-ÂLDER pupillen: Skearnegoutum boppe 

    donderdag 30 mei 2019
    Himelfeartsdei 2019. Tradisjoneel is
    P publyk.JPG
    Himelfeartsdei de dei fan Postma-Automatisering, sponsor fan it bern-âlderkeatsen. Dit kear wienen der ‘mar’ trije kategoryen. De kabouters en welpen yn ien klasse yndield en yn de groep 14-16 wie der spitich genôch te min opjefte. Mar it waar wie goed en it sin by  measten ek.
     
    Tsien moaie pupilleformaasjes stienen op ‘e list. Mar even 70% fan de partoeren bestie út in echte bern-âlder-kombinaasje. Hulde dus! En fan de weromstuit wienen
    P Marco.JPG
    alle priiswinners ek ‘echt’.
    Jeljer-Sjoerd Kooistra en het Sjoerd kamen frij ienfâldich yn de finale nei twa 5-2 oerwinnings en in steand nûmer op ‘e trije. Lucas en Fetze Gaastra kamen ék sûnder al te folle problemen yn de einstriid (5-0 en 5-3) en in steand nûmer yn de 2e omloop. It liket allegearre maklik, mar dat is fansels achterôfpraat fan de skriuwer fan dit stikje. It waard in moaie finale, dy’t einge op 5-3 6-6 yn ‘t foardiel fan de Gaastra’s. 
    In echte finale wie dy yn de werkânsing. Minke Lys Leenstra en heit Sietse moasten tsjin Jildou en Willem Twijnstra. Pas op 5-5 6-0 foel de beslissing yn it foardiel fan Minke Lys en Sietse.


    En Marco rikte de prizen út! 





     
    P 2.JPG

    P 1.JPG
    P 2f.JPG



    P 1f.JPG



































    De útslaggen pupillen (10 partoeren)      

    1.  Lucas Gaastra en Fetze Gaastra 
    2.  Jeljer-Sjoerd Kooistra en Sjoerd Kooistra 
    Werkânsing 
    1.  Minke Lys Leenstra en Sietse Leenstra 
    2.  Jildou Twijnstra en Willem Twijnstra 













  • Nieuws

    Twamanspartoer fan Bitgum wint 50+

    zaterdag 22 juni 2019
    Goaiïngea, 22 juny 2019. Mei 12 partoeren wie de...
    Lees meer...

    Repko Sportprijzenpartij: moai federaasjekeatsen 

    vrijdag 21 juni 2019
    De útslaggen
    Lees meer...

    Prachtige keatsclinic mei Siemon Minnesma foar ús jongerein

    woensdag 19 juni 2019
    Woansdei 19 juny wie der ynienen in ...
    Lees meer...