• BERN-ÂLDER kabouters-welpen: Foke Marije en Jelle Bakker súksesfol

    donderdag 30 mei 2019
    Himelfeartsdei 2019. Tradisjoneel is Himelfeartsdei de dei fan Postma-Automatisering, sponsor fan it bern-âlderkeatsen. Dit kear wienen der ‘mar’ trije kategoryen. De kabouters en welpen yn ien klasse yndield en yn de groep 14-16 wie der spitich genôch te min opjefte. Mar it waar wie goed en it sin by  measten ek.
    KW Thijs.JPG
    De 7 kabouter-welpenpartoeren hienen in hiele moaie finale, dy’t lang like op 5-5 6-6 út te kommen. Outsider Jelle Douwe Bakker mei dochter Foke Marij wie ferrassend de finale berikt nei winst op Hedzer Talsma en (omke?) Jelmer Talsma (5-2 6-2) en in mei hakken-oer-de-sleat-winst op Benthe Holtrop mei pake Albert Jan van Raalte, de âldste dielnimmer de hiele dei, mar hy stie der. Pake en pakesizzer ferlearen krékt: 5-5 6-4.

    De finale gie tsjin Eshter Lootsma en har heit Auke. Ester en Auke Lootsma wûnen yn de earste omloop fan Lise Bijma en Aaltsje Kroes, net maklik, mar dochs: 5-3 6-2. De twadde partij gie wol maklik. Tsjin soan en heit Kees en Arjen Hofman waard it 5-1 6-6.
    Dan de finale, in echte bern-âlder-finale en sa meie wy it sjen. De earsten waarden om en om ferdield. Beide duo’s wienen o sa motivearre om te winnen. De heiten besochten tsjin elkoar in psygologyske oarlochfiering te begjinnen, dy’t by einbesluten wûn waard troch Jelle Bakker. Auke liet him te faak ferliede fiere útslachballen, dy’t dan boppe gienen. En ja, dat mei net. Dat gie allegearre oan ‘e bern foarby. It lêste earst wie beslissend en dat wie foar Foke Marij en Jelle op 5-5 6-2.

    De prizen waarden útrikt troch it nije jeugdkommisjelid Thijs Bijma en hy die dat opmerklik!


    KW 1.JPG
    KW 2.JPG

    KW 1f.JPG

    KW 2f.JPG
































    De útslaggen kabouters-welpen (7 partoeren)
    1.  Foke Marij Bakker en Jelle Douwe Bakker
    2.  Esther Lootsma en Auke Lootsma
    Werkânsing
    1.  Lise Bijma en Aaltsje Kroes
    2.  Benthe Holtrop en Albert Jan van Raalte 



























  • Nieuws

    Twamanspartoer fan Bitgum wint 50+

    zaterdag 22 juni 2019
    Goaiïngea, 22 juny 2019. Mei 12 partoeren wie de...
    Lees meer...

    Repko Sportprijzenpartij: moai federaasjekeatsen 

    vrijdag 21 juni 2019
    De útslaggen
    Lees meer...

    Prachtige keatsclinic mei Siemon Minnesma foar ús jongerein

    woensdag 19 juni 2019
    Woansdei 19 juny wie der ynienen in ...
    Lees meer...